Dieven nei achterfolging pakt

Twa Snitsers (31 en 25) binne sneontenacht oanhâlden foar it stellen fan it bûtenboardmotor. In tsjûge seach dat se in motor fan in boat yn in auto tilden. Se bellen de plysje dy't de auto yn de Jancko Douwmastrjitte tsjinkaam.
De auto wykte út en botste mei opset tsjin de plysjeauto en in parkearde auto. Dêrnei naaiden se hurd út. Nei in wylde achterfolging koe de plysje har ta stopjen twinge. Neist de motor leine ek twa benzinetanks yn de auto.