Oplichting mei stikkers

De plysje hat sneon in frou (54) fan De Westereen oanhâlden. In meiwurker fan in winkel oan de Ljurkstrjitte hâlde har yn de gaten om't tocht waard dat se wat stelle woe.
By de kassa die bliken dat de frou koartingsstikkers op guod plakt hie wylst der gjin koarting foar jilde. Tsjin de plysje sei se dat se op dizze wize goedkeaper boadskipje woe. De frou hat in winkelferbod fan in jier krigen.