Partoer Osinga wint yn Grou

Winnende trio (foto Henk Hempenius)
It frouljuskeatspartoer fan Maaike Osinga, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken hat sneon yn Grou harren earste frije formaasjepartij wûn. Yn in spannende finale waard mei 5-5 en 6-2 wûn fan it partoer fan Iris van der Veen, Baukje Aalbers en Manon Scheepstra.
De lytse preemjes giene nei de partoeren fan Nelie Steenstra en dat fan Margriet Koelmans. Der stiene 15 partoeren op de list.