Drege Alvemarretocht troch wyn

De Alvemarrefytstocht hat dit wykein 2500 minsken lutsen. Yn Snits koene de fytsers sneon kieze tusken in rit oer 50, 100 of 150 kilometer lâns de marren yn de Súdwesthoeke. Ek snein kin de tocht fytst wurde.
De hurde wyn makke de tocht dit jier swier. Benammen by de marren wie it in flinke útputtingsslach. Der ha gjin grutte ûngemakken west. De organisaasje is foarearst tefreden oer it ferrin fan de tocht.