Plysje bart boetes yn

29 maaie 2011 - 12:30

De plysje hat sneon in eksekúsje-aksje hâlden. Goed 130 minsken yn Fryslân krigen besite fan de plysje, om't se noch boetes iepenstean hiene. It gie mei elkoar om in bedrach fan 22.000 euro. As minsken de boete net betelje koenen, waarden se oanhâlden. Ek wiene der minsken dy't noch in gefangenisstraf útsitte moasten.

Der binne mei elkoar 28 minsken oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)