Marit Bouwmeester wint Regatta

29 maaie 2011 - 12:21

Marit Bouwmeester hat de Delta Lloyd Regatta yn de Laser Radial wûn. Yn de medaljerace op 'e Iselmar naam se de lieding, mar sakke dêrnei ôf nei it njoggende plak. Mei in sterke einsprint einige de topsylster út Warten op it fjirde plak. Dat wie genôch, krekt as ferline jier, foar de einoerwinning.

Marit Bouwmeester wûn twa fan de tsien races en waard fjouwer kear twadde. Lykas broer Roelof hat Marit no ek in Olympyske nominaasje foar Londen 2012.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)