Harkemase Boys pakt beker

28 maaie 2011 - 21:24

Foar de fjirde kear yn de kluphistoarje hat Harkemase Boys de noardlike beker wûn. Op it eigen Sportpark De Bosk waard haadklasser WKE mei 3-1 ferslein. De Boys koene yn de twadde helte it ferskil meitsje, nei reade kaarten foar WKE-spilers Almar Doek en Peter van der Slot.

Tsjin njoggen man waard in 1-0 achterstân fuortwurke, troch goals fan René van der Weij (2) en Oebele Schokker. De goal fan WKE kaam fan Jan Hooiveld, út in omstriden strafskop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)