SCO is feilich nei winst
Kuorbalhaadklasser SCO út Aldeholtpea hat him sneon troch in 16-15 oerwinning op Rohda hanthavene yn de haadklasse B fan it fjildkuorbal. Oant it lêste fluitsinjaal wie it ûnwis oft SCO de oerwinning pakke soe.
By SCO stapte in pear wike lyn trainer Jan Sjoerd Pool op en krige mei Bauke de Vries en Aegle Frieswijk twa ferfangers. Dêrnei wist SCO ûnder de nije trainers trije wedstriden op rige te winnen.