Douma Staal mei útwreidzje

28 maaie 2011 - 15:32

It Snitser bedriuw Douma Staal mei fan de gemeente Súdwest-Fryslân útwreidzje yn de rjochting fan Twellegea. Wol moat de stripe lân tusken it Snitser bedriuweterrein en it doarp troch it bedriuw 'parkachtich' ynrjochte wurde en moat om de nije bedriuwshal hinne grien oanplante wurde.

Ynwenners fan Twellegea binne fûl op de útwreiding tsjin, omdat dêrtroch de grins tusken stêd en doarp ferdwynt. De nije hal komt op 200 meter fan de huzen te stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)