Fytster troch auto oanriden

28 maaie 2011 - 14:38

Op It Amelân is freed in fytster ferwûne rekke by in oanriding. In 63-jierrige ynwenner fan Nes stuts mei de auto it krúspunt fan Kievitsweg mei de Strandweg oer en koe net mear op tiid remje doe't de fytster foarby kaam.

De 65-jierrige frou út Grins is mei ferwûnings oan de foet yn de sikeauto nei de dokter op it eilân brocht. Dy hat har nei de wâl bringe litten foar neier ûndersyk yn it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)