Famke mei brommer ûnderút

28 maaie 2011 - 14:12

Yn Easterstreek is freedtejûn in famke fan 16 ferwûne rekke doe't se foel mei de brommer. It famke út Havelte ried yn de rjochting fan Boijl. Har freon fan 17 ried achter har. Doe't it famke achterom seach om te sjen wêr't er bleau, rekke se yn de berm en bedarre oan de oare kant neist de dyk yn de greppel. Se rekke in reflektorpeal en rûn ferwûnings oan de foet op.

It famke is mei de ambulânse nei it sikehûs fan Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)