Ynboedel flat yn konteners

De kommende dagen wurdt de ynboedel fan de wenningen yn de Antillenflat yn konteners laden. Foar elke wenning wurdt mei in heechwurker in kontener hongen, sadat ferhuzers mei in rinbrêge yn 'e hûs komme kinne.
Foar elke wenning is ien kontener beskikber. De hiele ynboedel wurdt dêrnei nei de tydlike wenning ferhuze. Freed hawwe alle bewenners fan de Antillenflat de kaai fan in tydlike wenning krigen.