Goud en sulver Manon Kamminga

27 maaie 2011 - 23:50

Manon Kamminga hat op de earste dei fan it NK skeelerjen op 'e dyk yn Almere goud en sulver wûn. De 19-jierrige Haulerwykster wûn de ôffalkoers oer 15 km. Bianca Roosenboom waard twadde, Elma de Vries tredde. Op 200 meter gong de winst nei Bianca Roosenboom, foar Manon Kamminga en Elma de Vries.

By de manlju waard Mark Horsten fan Drachten twadde op de ôffalkoers. Kampioen nei 20 km waard Koen Verweij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)