Slangen út Antillenflat helle

27 maaie 2011 - 22:47

Tsien grutte wurchslangen en sa'n 150 ratten binne freed evakueard út de Antillenflat yn Ljouwert. Moandei stoarte in part fan de galerij fan de flat yn. De bewenners kinne foarearst net werom nei har hûs.

Foar de bisten moast earst ek ferfangend plak fûn wurde. Mei help fan in heechwurker binne de bisten freedtejûn út it hûs op de earste ferdjipping helle en nei in oare lokaasje brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)