Man oanhâlden yn Ljouwert

27 maaie 2011 - 22:04

In 36-jierrige man is freed op de krusing foar de Wirdumerdyk yn Ljouwert oanhâlden omdat hy net fuortgie doe't de plysje dêr om frege. In frou stie mei har auto by de krusing stil. Se siet te beljen en sei dat de auto stikken wie. Doe't de plysje oanbea om de auto te triuwen, makke se kenber dat se dat net woe.

Op dat stuit kaam de man der oan. Hy begûn te razen. By syn oanhâlding fersette hy him stevich. Hy is mei hânboeien om nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)