Nij gemaal yn gebrûk naam

27 maaie 2011 - 19:26

By Broeksterwâld is troch it Wetterskip Fryslân freedtemiddei in nij gemaal yn gebrûk naam. It ferfangt de trije gemalen dy't earder yn it bûtenfjild tusken Feanwâlden en Broeksterwâld stiene. Dizze gemalen wiene âld en hiene in te lytse mealkapasiteit.

It nije gemaal hat oardel miljoen euro koste. Ek is 3000 bunder natoergebiet opknapt en is de wetterhúshâlding flink ferbettere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)