Marit Bouwmeester nei 1e plak

27 maaie 2011 - 18:13

Sylster Marit Bouwmeester hie freed in goeie dei by de Delta Lloyd Regatta yn Medemblik. Yn de Laser Radial klasse waard se yn har races in kear earste en in kear twadde. Dêrtroch klimt se nei it earste plak yn de tuskenstân. Broer Roelof die it ek goed yn de Laser klasse. Hy klom troch in alfde en in tredde plak nei it tredde plak yn de tuskenstân.

Pieter Jan Postma stiet yn de Finn klasse op it sânde nei in twadde en in trettjinde plak op freed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)