Ten Rouwelaar mei Oranje mei

Jelle ten Rouwelaar yn Oranje
Keeper Jelle ten Rouwelaar giet dochs mei it Nederlânsk alvetal nei Súd-Amearika foar twa oefenwedstriden tsjin Brazilië en Oerûguay. De 30-jierrige keeper fan NAC is troch bûnscoach Bert van Marwijk oproppen as ferfanger fan Michel Vorm. Dy bruts op in training twa bonkjes yn syn rjochterhân.
Ten Rouwelaar wie earder ôffallen by de seleksje. De oare beide keepers dy't meigeane binne Jasper Cillissen en Tim Krul.