Protest Hearrenfean shirt

27 maaie 2011 - 14:36

Hearrenfean-supporters hawwe freedtemoarn op ludike wize protestearre tsjin it nije útshirt fan de klup. It shirt liket bot op it shirt fan Ajax en dêr binne de supporters it net mei iens. Freed krige it Abe-byld foar it stadion in nij shirt oan mei de tekst: 'Rood-wit: een historische blunder.'

It nije shirt moat neffens de supporters de skaaimerken hawwe fan it histoaryske pompeblêdeshirt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)