Saak Kooistra:10 jier selstraf

27 maaie 2011 - 14:32

It gerjochtshôf yn Ljouwert hat yn heger berop in Ljouwerter (21) tsien jier selstraf oplein foar de moard op Niels Kooistra. Dat is twa jier minder as it Iepenbier Ministearje easke.

Yn augustus 2008 wie Kooistra belutsen by in fjochtpartij. Dêrby waard hy fjouwer kear stutsen. Twa wike letter ferstoar hy yn it sikehûs. De ferdigening hie yn it heger berop oanjûn dat de dea fan Kooistra in betreurensweardige tafalstreffer wie, omdat it nea it doel fan de dieder wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)