Soargen oer park Lauwershage

27 maaie 2011 - 12:12

Boargemaster Bilker fan Kollumerlân makket him soargen oer plannen foar de bou fan in grut fakânsjepark op it eardere terrein fan Muiden Chemie, oan de râne fan it Lauwersmargebiet.

It ûntwikkelingsfûns fan Phanos sit yn finansjeel swier waar. Ien fan de parken yn Drinte stiet no te keap om wer oan nij jild te kommen. De kâns bestiet dat it plan foar de bou fan 350 fakânsjewenten by de Lauwersmar net trochgean kin. En dat wylst der al jierren oer praat wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)