Jacobi (PvdA): REC stillizze

27 maaie 2011 - 12:02

De provinsje soe de ôffalferbrânings-oven yn Harns stillizze moatte. Earst moat dúdlik wurde wat de skealike gefolgen fan de oven wêze kinne. Dat seit PvdA-Twadde Keamerlid Jacobi.

Neist dúdlikens oer de oven, moat der ek helderheid komme oer it tal tastiene stoaringsoeren. Der binne maksimaal 60 stoaringsoeren tastien, mar telle de oeren yn de opstartfaze ek mei? Steatssiktaris Atsma fan Miljeu moat him hjiroer útsprekke, fine keamerleden fan PvdA en SP.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)