Jachthaven De Skâns fallyt

27 maaie 2011 - 11:37

De jachthaven fan De Skâns (Eastmahorn) is troch de rjochtbank fan Amsterdam fallyt ferklearre. It bedriuw hie al langer jildpine. Yn oktober ferline jier kamen de gebrûkers fan de haven al in pear wike sûnder elektrisiteit te sitten.

Troch NUON waard it park ôfsletten omdat de parkbehearder de rekkens net mear betelje koe. In kurator is dwaande mei in trochstart. Njonken de jachthaven en it rekreaasjepark is ek it restaurant fallyt ferklearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)