Skuorren yn brêge by Terherne

© Omrop Fryslân
Fytsers en fuotgongers kinne foarearst net oer de brêge oer de Jongebuorster Feart by Terherne. By in ynspeksje oan de brêge is houtrot fûn, ek sitte der grutte skuorren yn. De gemeente Boarnsterhim fynt de sitewaasje te gefaarlik en hat de betsjinning stillein. De brêge is tydlik iepenset sadat boatsjes fan in njonkenlizzend fakânsjepark der wol lâns kinne.
De gemeente ûndersiket no oft de brêge reparearre wurde kin of folslein ferfongen wurde moat.