Plysje drok mei oanhâldings

De plysje yn Ljouwert hat it tongersdeitenacht drok hân mei oanhâldings. Twa Ljouwerters moasten mei nei it buro omdat se plysjes misledigen. In man (26) wie belutsen by in fjochtpartij yn de Grutte Heechstrjitte en woe net harkje nei de plysje doe't dy frege wat der bard wie. Nei in tal misledigings besleat de plysje de man mei te nimmen.
In oare man (18) begûn de plysje út te skellen doe't dy in blaastest die. Ek hy waard oanhâlden en meinommen.