Skûter oanriden yn Dokkum
In 18-jierrige skûterrider út Dokkum is tongersdeitejûn oanriden troch in auto. It ûngelok barde flakby it sikehûs fan Dokkum. In 51-jierrige automobilist woe achterút ynparkeare op parkearplakken by it sikehûs, mar seach dêrby de skûterrider oer de holle. Dy klapte tsjin de achterkant fan de auto oan.
De man is mei ferwûnings nei it sikehûs brocht.