Syktocht nei sylster wer los

De syktocht nei de fermiste studinte (24) op de Sleattemermar, is freed wer begûn. Tongersdei moast de sykaksje stopset wurde, omdat it fanwege de hurde wyn te gefaarlik waard. Tongersdei sloech de sylboat mei dêryn fiif studintes en in skipper om.
Fjouwer studintes en de skipper koene rêden wurde. Nei de studinte út Arnhem waard oerenlang socht mar sûnder risseltaat. De plysje siket no mei sonarboaten op de Sleattemermar. Ek heart de plysje tsjûgen fan it ûngelok.