GrienLinks wol grien boekje
Der moat in grien boekje komme foar it Frysk. De provinsje sil mei de Fryske Akademy besjen oft der ferlet is fan sa'n boekje. De steatefraksje fan GrienLinks hat om sa'n wurdlist frege.
Neffens de partij is der ferlet fan in offisjele wurdlist foar de Fryske taal. De Fryske Akademy soe it griene boekje meitsje moatte.