Garnalepriis te leech

26 maaie 2011 - 23:37
  • De garnalepriis is noch hieltiten te leech

Garnalefiskers lizze mooglik oare wike it wurk op en nij del. De priis de kilo is net genôch omheech gien. Tongersdeitemiddei waarden der foar it earst sûnt wiken wer garnalen feild op de fiskôfslach fan Lauwerseach.

De fiskers woene de priis opdriuwe troch in pear wiken net út te farren. Mar dat hat oant no ta net holpen. Op de feiling skommele de priis tusken de 2,55 en 2,59. Dat fûnen de fiskers te min.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)