Tsjerke ôfstean kostet jild
De Stifting Alde Fryske Tsjerken sil oan tsjerklike gemeenten in bydrage freegje as se yn de takomst in gebou oan har ôfstean wolle.
It ryk hat jierrenlang subsydzje jûn oan de stifting foar it ûnderhâld foar de gebouwen, mar dat wurdt hieltyd minder. Der sil dêrom mear jild by de tsjerken sels weikomme moatte. De Stifting Alde Fryske Tsjerken hat op it heden 39 gebouwen yn behear.