Van Delft giet fuort
De boargemaster fan Menameradiel, Gerry van Delft-Jaasma, stapt op. Dat hat se oan de gemeenteried meidield. Van Delft wie sûnt 1994 boargemaster fan Menameradiel. Foar dy tiid wie se wethâlder yn Beverwijk.
Se jout har leeftiid op as reden foar it fuortgean. Takom jier wurdt se 65. Gerry van Delft giet op ien febrewaris 2012 fuort.