Golfbenefyt foar McDonaldhûs

26 maaie 2011 - 18:26
  • De golfbenefythappening op it terrein fan golfklup De Griene Stjer by Ljouwert

Op de Griene Stjer yn Ljouwert wie tongersdei foar it earst in Benefyt Golfevenemint foar it Ronald McDonaldhûs yn Ljouwert. Sa'n 62 golfers, wêrûnder ferskate bekende Friezen en Nederlanners wurken by stoarmwaar de 18 holes ôf foar it goede doel.

Nei de sportive middei wie der in diner mei feiling en in ferlotting. De opbringst fan it evenemint wie mei-inoar sa'n 22.000 euro. De golfbenefyt is dêrmei in grut súkses wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)