Sykaksje op de mar stillein

De sykaksje nei de fermiste studinte op de Sleattemermar is tongersdeitemiddei stillein. It sykjen is fanwege de hurde wyn te gefaarlik foar de helptsjinsten.
Tongersdeitemoarn sloech by Wâldsein it sylboatsje mei dêryn fiif studintes en in betûft skipper om. Fjouwer studintes en de skipper koenen rêden wurde. Nei de sechsde is oerenlang socht, mar sûnder resultaat.