Priis garnalen falt ôf

De garnalen wurde lost (foto: Miranda Werkman, Omrop Fryslân)
Garnalefiskers binne teloarsteld oer de priis dy't garnalen op dit stuit opsmite op de feiling. De priis skommelet om de 2 euro 55 hinne. De fiskers wolle 3 euro de kilo. De kâns bestiet dat der dêrom takom wike opnij staakt wurdt troch de fiskers.
Se sille har dêr de kommende dagen op beriede. Der wurdt al in pear wike net fiske fanwege in skeel oer de priis. Woansdei binne 80 fiskers der wer op út gien om te sjen wat de priis dwaan soe op de feiling.