Saak Smedema yn septimber

Redmar Smedema
De rjochtsaak yn ferbân mei de dea fan Redmar Smedema út Burgum sil yn septimber plakfine. Foar de saak binne trije dagen útlutsen en der is ek noch in reservedatum. Seis jongeren tusken de 18 en 20 jier moatte foar de rjochter ferskine.
Redmar Smedema ferstoar yn april 2010 nei in fjochtpartij yn Club Q op Quatrebras. De jongeren út Damwâld, Dokkum, Feanwâlden en Broeksterwâld wurdt geweldpleging en it meidwaan oan in fjochtpartij ferwiten.