Twa jier sel deadlik ûngelok

26 maaie 2011 - 13:46

Tsjin in 42-jierrige man út Minnertsgea is tongersdei twa jier selstraf easke foar it feroarsaakjen fan in deadlik ûngefal ûnder ynfloed fan drugs. De man botste ferline jier op de Hendrik Algrawei frontaal op in tsjinlizzer.

De ynsittenden fan dy auto, in echtpear fan hast 80 jier, kamen dêrby om it libben. De man rekke sels swier ferwûne. Neffens de offisier fan justysje wie der sprake fan roekeleas rydgedrach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)