Syktocht nei famke op de mar

De plysje siket op de Sleattemermar by Wâldsein nei in famke. Sy siet mei fjouwer oare froulju op in sylboat dy't troch de hurde wyn omsloech. Fjouwer opfarrenden binne ûnderkuolle oan de wâl brocht, mar nei it fyfde famke wurdt noch socht. Op de Snitsermar sloegen ek sylboaten om.
De plysje ropt wettersporters op om net it wetter op te gean. De waarberjochten foarsizze ek foar tongersdeitemiddei buien mei hurde wynstjitten.