Antillenflat moannen ticht

26 maaie 2011 - 11:38

De Antillenflat yn Ljouwert kin yn alle gefallen de earste moannen net wer bewenne wurde. Der is foarearst ek noch gjin sprake fan sloop. Dat is tongersdei tsjin de bewenners fan de flat sein.

Moandei foel in part fan de galerij nei ûnderen. De oarsaak is noch altiten net bekend. Tongersdei soe de útkomst fan in technysk ûndersyk bekend makke wurde, mar echte dúdlikheid oer de takomst fan de flat is der dus noch net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)