Wetterpark Terkaple útsteld

26 maaie 2011 - 11:26

De ried fan Skarsterlân nimt foarearst gjin beslút oer de útwreiding fan de camping Maran by Terkaple. In lytse 60 ynwenners ha beswier tsjin it plan om fan Maran in wettersportpark te meitsjen. By de riedsgearkomste fan woansdei lieten de tsjinstanners fan har hearre. Dat wie reden foar de fraksje fan de FNP om te freegjen om útstel.

Wethâlder Benedictus sil opnij mei de rekreaasjeûndernimmer en de tsjinstanners fan it wetterpark prate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)