Eks-freondinne bedrige

26 maaie 2011 - 10:35

Twa ynwenners fan Hoogezand fan 20 en 22 jier binne woansdei yn Ljouwert oanhâlden nei't se de 26-jierrige eks-freondinne fan de 20-jierrige man bedrige hiene. De mannen wisten har hûs oan de Mr.Gerbrandywei binnen te kommen. Se fernielden guod en bedrigen de frou.

It slachtoffer belle de plysje, dy't de beide mannen oanhâlden hat. Se sitte noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)