Steuring by plysje foarby
Der hat tongersdeitemoarn in steuring yn de telefoansintrale fan de plysje west. Minsken dy't it nûmer 0900-8844 bellen moasten dêrtroch langer wachtsje.
De steuring begûn om 4.30 oere en duorre oant 8.15 oere. Troch de steuring duorre it trochskeakeljen langer. It alarmnûmer 112 die it wol.