Stâlbrân yn Eastermar

25 maaie 2011 - 22:25

By in útslaande brân is de stâl fan in pleats oan de Torenleane yn Eastermar swier skansearre rekke. It fjoer ûntstie jûns even nei achten. By it oppompen fan jarre binne mooglik fonken fan de trekker op it reiden dak fan de stâl kommen, dat dêrtroch yn 'e brân rekke.

De brânwacht rukte mei grut materieel út en koe foarkomme dat it fjoer de pleats berikte. It jongfee yn de stâl koe der op tiid úthelle wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)