Keten wurde yn de gaten hâlden

25 maaie 2011 - 16:59

It Hoarekabûn Nederlân sil de gong fan saken yn jeugdketen skerp yn de gaten hâlde. De rjochter hat útsprutsen dat salang't der yn de keten net betelle wurdt foar drankjes it gjin ûnearlike konkurrinsje is foar de hoareka. De hoareka fynt dat dat wol it gefal is, mar is no dus yn it ûngelyk steld.

Der is al jierrenlang striid tusken it Hoarekabûn en de Fryske gemeenten oer it ketebelied. It hoarekabûn wol dat de gemeenten hanthavenje, mar dy seagen dêr gjin reden ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)