Lieuwe Westra wint prolooch

Lieuwe Westra
Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje hat woansdeitemiddei de earste etappe yn de Ronde van België wûn. It gie om in tiidrit oer 5,6 kilometer yn it Vlaamske Buggenhout. Westra bleau de Belgen Philippe Gilbert en Dominique Cornu krekt foar, it ferskil wie mar 1 sekonde.
Tongersdei giet de earste echte etappe fan Lochristi nei Knokke-Heist. De Ronde van België is in wedstriid oer fiif dagen.