Plysje roait himpplantaazjes

25 maaie 2011 - 13:00

It himpteam fan de plysje Fryslân hat woansdei in saneamde 'roaidei'. Op ferskate plakken yn Ljouwert wurde himpkwekerijen oprôle.

Neffens teamlieder Menno Krikke fan it himpteam fan de plysje is it belangryk dat de kwekerijen oprôle wurde, want foaral yn wenhuzen soargje himpplantaazjes faak foar gefaarlike situaasjes. De stroomfoarsjenning wurdt faak op ûnprofesjonele en gefaarlike wize dien. De kâns op brân is dan grut.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)