'De Wingerd' Damwâld iepen

25 maaie 2011 - 12:48

De nije skoalle foar spesjaal ûnderwiis 'De Wingerd' yn Damwâld is woansdei iepene. De âlde skoalle wie swier ferâldere en boppedat wiene der te min lokalen om alle bern plak te jaan. Dêrneist wiene de gongen hiel smel. Dat joech problemen foar bygelyks autistyske bern.

De skoalle is bedoeld foar bern tusken de fjouwer en tweintich jier. Op dit stuit sitte der goed 200 bern op 'De Wingerd'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)