Dôfhûdige Rottefalster op bon

In 31-jierrige man út De Rottefalle is tiisdei by in ferkearskontrôle yn Achtkarspelen op de bon slingere foar meardere oertredings. Hy ried 112 op in plak dêr't 80 riden wurde mei en hie ek nochris tefolle dronken.
Doe't de plysje dêrfoar syn rydbewiis ynnimme woene, die bliken dat er dat by in eardere kontrôle al kwytrekke wie. De ferplichte kursus by it CBR hie er net folge en dêrom hie er syn rydbewiis noch net werom krigen.