Keten yn Wymbrits net oanpakt

25 maaie 2011 - 11:12

De gemeente Súdwest-Fryslân hoecht net op te treden tsjin de jeugdketen yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.

Dy gemeente hat neffens de Raad van State terjochte net optreden tsjin de jeugdketen. De Koninklike Hoareka hie dêr yn 2009 om frege om't sy fine dat de keten ûnearlike konkurrinsje foarmje en sûnder fergunning wurkje. Neffens de gemeente hoecht dat net om't der gjin drank tsjin betelling skonken wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)