Meppende man op it dak

De plysje hat tiisdeitejûn in 22-jierrige Burgumer oanhâlden op fertinking fan fernielerij. Oan 'e ein fan de jûn krige de plysje in melding dat in man op it dak fan in hûs oan de Frouwepoartsbrêge yn Ljouwert stie. De man like wat yn de war en sloech mei in buis op it dak. De plysjes krigen de man sa fier dat er nei ûnderen kaam, wêrnei't hy oanhâlden waard.
De man is meinommen nei it buro foar neier ûndersyk. De 45-jierrige bewenner fan it hûs hat oanjefte dien.