Soad sollisitanten foar Skier

25 maaie 2011 - 09:47

Der binne 46 sollisitanten foar de baan fan boargemaster op Skiermûntseach. Acht dêrfan binne frou. Ein maart is Bert Swart nei Súdhorn gien en is Martin Zijlstra waarnimmend boargemaster op it eilân.

Alle politike partijen binne fertsjintwurdige by de kandidaten. Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma praat de kommende tiid mei in stik as wat fan de sollisitanten en sil syn seleksje foarlizze oan de fertrouwenskommisje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)